Springe nei ynhâld

Ielgoes

Ut Wikipedy
De ferzje fan 10 des 2024 om 17.53 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Fuortplanting: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
ielgoes
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift ginteftigen (Suliformes)
famylje ielgoesfûgels (Phalacrocoracidae)
skaai ielguozzen (Phalacrocorax)
soarte
Phalacrocorax carbo
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel

     wintergast
     trochtrekker


De ielgoes of ielskolfer is in fûgel út de famylje fan de ielgoesfûgels.

De ielgoes is in grutte hielendal swarte wetterfûgel fan sa'n 77-94 sm by in gewicht fan 2,5 oant 3,5 kg. De ielgoes sit hielendal swart yn de fearren, yn it briedseizoen hawwe de fûgels in wite flek op de underkant fan de kop efter de snaffel. De ielgoes hat in grutte snaffel mei in heak op 'e ein. Oan it begjin fan de snaffel hat er in giele flek.

De ielguozzen komme yn hiel Jeropa oan de kust foar. By 't winter lûke de noard-eastlike fûgels mear nei it suden en it westen.

De ielguozzen ite foaral fisk, dy't se fange troch ûnder wetter te dûken. Yn tsjinstelling ta de measte oare wetterfûgels hawwe de ielguozzen gjin beskermjende fetlaach yn de fearren. In foardiel dêrfan is dat de ielguozzen djipper dûke kinne. It neidiel is wol dat syn fearren fol wetter komme wêrtroch't hy skoften syn wjukken yn de sinne drûgje moat foardat er wer fleane kin. De ielguozzen binne dan ek faak oan de kant fan it wetter te sjen mei de wjukken wiid útinoar om se yn de sinne te drûgjen.

Aaien fan 'e ielgoes.

De ielguozzen briede yn koloanjes yn beammen of op de rotsen.