Springe nei ynhâld

Dobben Hurdegarypsterwarren

Ut Wikipedy
The printable version is no longer supported and may have rendering errors. Please update your browser bookmarks and please use the default browser print function instead.
Dobben Hurdegarypsterwarren
Dobben Hurdegarypsterwarren
Dobben Hurdegarypsterwarren
lokaasje
neiste plak Hurdegaryp
oare ynformaasje
oerflak 33 ha
behear It Fryske Gea
webside It Fryske Gea
Tagong nei wannelpaad

De Dobben Hurdegarypsterwarren binne restanten út de lêste iistiid en lizze oan de Lange Leane tusken Hurdegaryp en Burgum. De stripen tusken de dobben en eardere pingo’s wurde brûkt was kuierpaad en binne bûten it briedseizoen (1 april - 1 july) frij tagonklik. It gebiet fan 33 hektare wurdt beheard troch It Fryske Gea.

De dobben binne pingoruïnes, oerbliuwsels út de lêste iistiid, rom 20.000 jier lyn. Yn de stientiid waarden hjir kampen opsetten troch de rindierjagers. Destiids wie it klimaat wat mylder wurden en wienen de iislinzen raand ta markes. Yn de rin fan de jierren binne in soad pingoruïnes ferlern gien. Guon binne tichtsmiten mei ôffal. Yn it ramt fan ruilferkaveling binne de measten natoergebietsjes wurden, hjirfan binne tolve oan It Fryske Gea oerdroegen.

Hjir groeie seldsume plantesoarten as Stjersigge en Galigaan. Lytse elzebroekboskjes biede ûnderdak oan it nêst fan de mûzefalk en yn de tichte hagedoarns briede in soad lytse sjongfûgels. By hege wetterstannen yn de winter fine in soad einen hjir beskûl.

Behear

De greiden om de pingoruïnes wurde nei 15 juny meand, en wurde net bedonge om foar te kommen dat fiedingsstoffen útspiele yn de plassen. Hjir groeie soarten as de Koekútsblom, it blaublomke en sulverblêd. Lâns de nij oanleine ferbiningstroken binne strewellen fan krikelbeam en hagedoarn oanplante en dêrby in soad elzen en iken, lysterbeibeammen en essen. Ek de kantsjeroas, dy't fanâlds yn dizze omkriten groeit, is dêr wer. Sa kinne lije plakken ûntstean yn de folle sinne, wat benammen flinters oanlûkt. Bistkes as rintuorren, mûzen, ychels en sa kinne no fan de iene nei de oare dobbe komme, sadat harren leefgebiet útwreide wurdt. Dizze oanjûne fleanrûtes wurde ek brûkt troch flearmûzen.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
It Fryske Gea

Aeltsje- en WarkumermarDe Alde FeanenBancopolderBekhofskânsDe BjirmenBlauhúster PuollenBocht fan MolkwarBotmarBuismans EinekoaiIt BûtenfjildVan CoehoornboskDellebuorsterheideIt DiakonyfeanDyksfeartenDobben HurdegarypsterwarrenDunegeasterpolderEanjumer KolkenEasterskarEinekoaien Lytse GeastDe FluezenFollegeasterpolderGrikelân en TurkijeGrutte WielenHeanmarHeide HulstreedDe HonHopHuitebuersterbûtenpolderYchtenerfeanpolderJoadetsjerkhôf NoardwâldeJoadsk Begraafplak TeakesylJongemastateKapellepôleKetelermarKetliker SkarKoarnwerterpolderKobbelânLindeboskLindefalleiLiphústerheideMakkumersúdmarpolderMakkumerwaardenMandefjild BakkefeanMartenastateMeulereed en MeuleboskMokkebankMûntsebuorsterpolderNoard-Fryslân Bûtendyks't OerdPark Huzinge OlterterpPark MartenastatePeazemerlannenPetgatten De FeanhoopRingwielRengerspôleDe RypRysterboskSyp SetSkiedingsboskjeSkieppedobbeSlachteSodumermarSteile BankStokersdobbeSudermarpolderTaconisboskTeroelster SipenTsjongerwâlenUnlân fan JelsmaWarkumerwaard't WestWikelerboskWilhelmina-oard