Springe nei ynhâld

Slangen

Ut Wikipedy
Dizze side moat noch ferfryske wurde.


Slangen (Serpentes) foarmje in nau oan 'e hagedissen besibbe ûnderskift fan 'e reptilen, dat ta it skift fan de skobhûdigen (Squamata) heart. Alle soarten hawwe in nei ferhâlding tige lang en tin lichem en gjin lea. Slangen binne dúdlik te ûnderskieden fan alle oare bisten en de measte oare reptilen as krokkedileftigen, skyldpodden en brêgehagedissen. Mei guon groepen fan hagedissen is it ûnderskied net sa dúdlik.

Der besteane sa'n 3150 ferskate soarten slangen[1], wêrfan't ûngefear 15% fergiftich is[2]. Slangen bewege har altiten op it liif en de hûd is hielendal bedutsen mei skobben. Oare typyske skaaimerken binne it ûntbrekken fan beweechbere Eachlidden en de oanpaste peargewize organen as de longen en de nieren.

Slangen komme hast rûnom op de wrâld foar en ferskate soarten libje yn útienrinnende habitats. Meidat se kâldbloedich binne, libje de measte soarten yn waarmere streken. In oantal soarten is oanpast oan it libjen yn ekstreem drûge omjouwings, lykas woastinen. Der binne lykwols ek slangen dy't ûndergrûnsk libje en in soad grave of krekt oanpast binne oan in libben yn wetterige miljeus as rivieren, marren en de see.

Slangen binne troch harren lang ûnbegrepen libbenswize en gersach en harren ûnderstelde, mar faak oerskatte giftichheid in symboal fan it kwea. Yn de bibel dûkt de slange sels op as in fertsjintwurdier fan de duvel yn it ferhaal fan Adam en Eva.

Der is in soad bekend oer de libbenswize, taksonomy en fuortplanting fan slangen. Slangen waarden ea as sustergroep fan de hagedissen beskôge, mar wyls is bekend dat slangen evolúsjonêr ûntstien binne út hagedissen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Suborder Ophidia (Serpentes) - Snakes, The Reptile Database
  2. Barry S. Gold, Richard C. Dart & Robert A. Barish - Bites of Venomous Snakes - Website