Springe nei ynhâld

James Kennedy (histoarikus)

Ut Wikipedy
James Kennedy
persoanlike bysûnderheden
echte namme James Kennedy
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 2 septimber 1963
berteplak Orange City (Iowa)
etnisiteit Nederlânsk
Ulstersk
wurkpaad
berop/amt histoarikus
aktyf as publisist, kollumnist
jierren aktyf 1988 – no

James Kennedy (Orange City (Iowa), 2 septimber 1963) is in Amerikaansk histoarikus fan mingd Ulstersk en Nederlânsk etnysk komôf. Hy wennet sûnt 2003 yn Nederlân, it heitelân fan syn mem. Kennedy hat ferskate perfestersposten en oare amten yn it heger ûnderwiis beklaaid. Hy beskôget himsels as in kristen, en besjocht de skiednis fan dy eftergrûn út.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kennedy waard yn 1963 berne yn Orange City, yn 'e steat Iowa. Syn heit wie in Amerikaan fan Ulstersk (protestantsk-Noardiersk) komôf, mar syn mem Nella kaam oarspronklik út Rotterdam. Kennedy waard grut yn in krite fan Iowa dêr't har sûnt de twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw in protte Nederlânske ymmigranten fêstige hiene. As bern brocht er syn simmerfakânsjes troch yn Nederlân, by de famylje fan syn mem. Doe't er acht jier wie, ferbleau er sels in hiel jier yn Nederlân, en folge er montessori-ûnderwiis oan in legere skoalle yn Rotterdam. Sadwaande groeide er twatalich Ingelsk-Nederlânsk op.

Nei't er de middelbere skoalle trochrûn hie, folge Kennedy in stúdzje bûtenlânske betrekkings oan 'e Universiteit fan Georgetown yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., dêr't er yn 1986 ôfstudearre mei in bachelortitel. Dêrnei studearre er teology oan it Kalvyn Teologysk Seminaarje yn Grand Rapids, yn 'e steat Michigan, dêr't er yn 1988 in mastergraad behelle, en skiednis oan 'e Universiteit fan Iowa, yn Iowa City. Dy lêste oplieding rûne Kennedy yn 1995 ôf mei in doktoraat dat er feilichstelde mei it proefskrift Building New Babylon: Cultural Change in the Netherlands During the 1960s. Dat waard letter troch syn frou yn it Nederlânsk oerset ûnder de titel Nieuw Babylon in Aanbouw: Nederland in de Jaren Zestig.

Kennedy begûn syn karriêre as dosint skiednis oan 'e Universiteit fan Iowa, dêr't er yn dy funksje fan 1987 oant 1990 en nochris fan 1993 oant 1995 wurksum wie. Tuskentroch joech er fan 1990 oant 1991 les oan it Noardwestlik Kolleezje yn syn berteplak Orange City. Letter wie Kennedy fan 1994 oant 1996 adviseur foar in projekt oer Afro-Amerikaanske godstsjinst op it Amherst Kolleezje yn Amherst (Massachusetts), en fan 1995 oant 1997 wied er as dosint skiednis en ûndersiker ferbûn oan 'e Universiteit fan Valparaiso yn Valparaiso (Indiana).

Neitiid wie Kennedy fan 1997 oant 2003 dosint Jeropeeske skiednis en ûndersyksmeiwurker oan it A.C. van Raalte Ynstitút fan it Hope Kolleezje yn Holland (Michigan). Yn 2003 fêstige er him yn Nederlân, doe't er oansteld waard as heechlearaar kontemporêne skiednis oan 'e Frije Universiteit yn Amsterdam. Yn 2007 waard er heechlearaar Nederlânske skiednis oan 'e Universiteit fan Amsterdam, as opfolger fan Piet de Rooy. Fan 2015 ôf wie Kennedy dekaan spesjalisearre yn 'e nei-oarlochske skiednis fan Nederlân oan it (Ingelsktalige) University College Utert. Njonken syn wurk yn it heger ûnderwiis skriuwt Kennedy ienris yn 'e fjirtjin dagen in kollumn yn 'e krante Trouw.

James Kennedy wennet yn Amersfoart. Hy is troud mei Simone Kennedy-Doornbos (1970), dy't sûnt 2014 foar de KristenUny yn 'e gemeenterie fan Amersfoart sit. Hja hawwe trije bern. Kennedy typearret himsels mei klam as kristen. Hy en syn gesin binne oansletten by de Grifformearde Tsjerken (frijmakke).

Kennedy sjocht himsels as kristen-histoarikus. Yn in fraachpetear seid er ris: "It is myn persoanlike oertsjûging dat God de skiednis liedt."[1] Hoe't dizze godlike lieding ûnder minsklike útfiering staljûn wurdt, stelt Kennedy him weromhâldend oer op.

Op 14 juny 2018 wie Kennedy te gast by Tresoar, dêr't er in publyk tagonklike lêzing hold. Dêryn joech er syn kyk op 'e Fryske skiednis. Op 16 juny printe de Ljouwerter Krante fan dy lêzing in bewurke ferzje ôf yn 'e wykeinbylage Sneon & Snein. Neffens Kennedy is de Nederlânske skiednis mear as inkeld de skiednis fan 'e Rânestêd dy't op 'e skoallen ûnderwiisd wurdt. Hy keart him lykwols ek tsjin 'e regionale skiedskriuwing, dy't him poer en allinnich op in beskate regio rjochtet sûnder dêrby ferbannen mei de skiednis fan oanbuorjende regio's te lizzen.

Wat spesifyk Fryslân oanbelanget, neamt Kennedy seis ûntwikkelings wêrby't Fryslân in wichtige of sels ûnmisbere bydrage levere hat oan 'e skiednis fan Nederlân:

  • 1995 – Nieuw Babylon in Aanbouw: Nederland in de Jaren Zestig (proefskrift)
  • 2002 – Een Weloverwogen Dood: De Opkomst van de Euthanasie in Nederland
  • 2007 – Bezielende Verbanden: Gedachten over Religie, Politiek en Maatschappij in het Moderne Nederland
  • 2010 – Stad op een Berg: De Publieke Rol van Protestantse Kerken
  • 2017 – Een Beknopte Geschiedenis van Nederland

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Interview: In Gesprek met Nieuwe Hoogleraar aan de VU, James Kennedy, yn: Transparant tydskrift fan 'e Vereniging van Christen Historici, jg. 13 (2002) nû. 1.

  • Kennedy, James, Friesland Droeg Volop bij aan de Nederlandse Geschiedenis, yn: de Ljouwerter Krante, 16 juny 2018, wykeinbylage Sneon & Snein, s. 12-13.