Springe nei ynhâld

Alyda Norbruis

Ut Wikipedy
Alyda Norbruis
sporter
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 28 maart 1989
etnisiteit Frysk
sportive ynformaasje
sport Hurdfytsen
ûnderdiel Dykhurdfytsen - Baanhurdfytsen
earste titel WK baanhurdfytsen 2012, 500 m tiidrit.
P.S. Londen 2012
Rio de Janeiro 2016
Tokio 2020 (2021)
debút 2011
karriêre-ein 2021
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 2x Paralympyske Spullen 2016
Sulver grut sulver 2x Paralympyske Spullen 2012 & 2021
Brûns grut brûns 1x Paralympyske Spullen 2016

Alyda Norbruis (Oerterp, 28 maart 1989) is in earder Frysk hurdfytster. Se fytste sûnt 2011 by de Nederlânske seleksje foar oanpast hurdfytsen.

Norbruis is opgroeid yn Oerterp, en is begûn as alpine skyster nei't har Paralympyske dream by it alpineskyen útien foel hat Norbruis har talein op it hurdfytsen. Norbruis hat nei har berte dy't trije moanne te betiid wie in harsenblieding hân wêrtroch se in harsenferlamming hat hjirtroch funksjonearret har linkerkânt net goed, en komt út yn de C2 klasse.

It earste seisoen fan Norbruis as wedstriid fytster begûn goed mei in wedstriid yn Luik, wêrnei Norbruis selektearre wurd foar it WK dykhurdfytsen yn Denemark, dêr waard se ûnferwachts fiifde. Dit resultrearre deryn dat se by har debút al yn Paralympyske nominaasje te pakken hie.

Seisoen 2012 begjint mooglik nog better foar Norbruis sy wurd by it WK baanhurdfytsen yn Los Angeles wrâldkampioen op de 500 meter tiidrit. Nei dizze oerwinning waard se ek nog twadde op de trije kilometer efterfolging. Mei dizze útslaggen hie se har definityf pleatst foar de Paralympyske Simmerspullen fan 2012 yn Londen. Ek op de dyk hat se har definityf kwallifisearre foar de tiidrit mei in gouden medalje tidens de wrâldbekerwedstriid yn Rome. Yn july waard Norbruis Nederlânsk Kampioen tiidriden op de dyk yn Bornerbroek. Begjin Augustus sloech it needlot ta en krige Norbruis blinetermûntstekking en moat operearre wurde tidens in treningskamp. Nettsjinsteande dizze tsjinslach wie se mei de Spullen genôch bekaam fan de operaasje om út te kommen op 'e baan en dêr wûn se in sulveren medalje op de 500 m tiidrit.

It dykseisoen fan 2013 foel yn it wetter troch blessures, mar yn novimber pakte Alyda by it International Paracycling Cup yn Newport op de 500 meter tiidriden op de baan de oerwinning yn in nij wrâldrekôr. Ein 2013 waard Alyda by de Nederlânske kampioenskippen hurdfytsen op de baan yn Apeldoorn Nederlânsk Kampioen op sawol de 500 tiidriden as op de 3km efterfolging.

Op 'e Paralympyske Spullen yn it Brazyljaanske Rio de Janeiro, yn 2016, behelle Norbruis op 10 septimber in goudene medalje yn it baanhurdfytsen op it ûnderdiel 500 m tiidrit foar froulju (C1-2-3). Op 14 septimber kaam dêr in twadde goudene medalje by foar it ûnderdiel tiidrit foar froulju (C1-2-3) yn it baanhurdfytsen. Fierders wûn se op 8 septimber al brûns yn 'e yndividuële efterfolging foar froulju (C1-3). Op 15 febrewaris 2017 waard Norbruis tegearre mei Liesette Bruinsma fan Wommels útroppen ta Frysk Paralympysk sportfrou fan it jier 2016.[1]

Op 'e Paralympyske Simmerspullen 2020 yn it Japanske Tokio, yn 2021, behelle Norbruis op 27 augustus in sulveren medalje yn it baanhurdfytsen op it ûnderdiel 500 m tiidrit foar froulju (C1-2-3). Nei de Spullen yn Tokyo beïnige Norbruis har hurdfyts kariêrre om medyske redenen.

Wichtichste oerwinnings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • WK 500 m tiidriden (2012) (baan)
  • WB tiidriden, Segovia, Spanje (2012) (dyk)
  • WB tiidriden, Rome, Itaalje (2012) (dyk)
  • NK tiidriden, Bornerbroek, Nederlân (2012) (dyk)
  • NK 500 m tiidriden, Apeldoorn, Nederlân (2013) (baan)
  • NK 3 km efterfolging, Apeldoorn, Nederlân (2013) (baan)
  • PS 500 m tiidriden (C1-2-3), Rio de Janeiro, Brazylje (2016) baan
  • PS tiidriden (C1-2-3), Rio de Janeiro, Brazylje (2016) baan
  • PS 500 m tiidriden (C1-2-3), Tokio, Japan (2021) baan

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Lolkema, Renze, Vier sportvrouwen van het jaar, yn: de Ljouwerter Krante, 16 febrewaris 2017, s. 2.