Springe nei ynhâld

Elektrogemy

Ut Wikipedy
De elektrolyze fan wetter

Elektrogemy is de takke fan de fysyske gemy dat de relaasje tusken elektryske en gemyske prosessen bestudearret. Dy prosessen barre altyd op it grinsflak tusken twa elektryske lieders. Ien fan de lieders is altyd in ioanelieder, de elektrolyt. Faak is dat in floeistof (wetter) dêr't ioanen yn oplost binne. De oare lieder is in elektroanelieder, dy't elektroade neamd wurdt. Dat is faak in fêste metaal, mar kin, sa as bygelyks kwik ek floeiber wêze, wylst grafyt bytiden ek as elektroade wurkje kin.

It ferneamdste elektrogemyske systeem is in wetterige oplossing dêr't mei de help fan twa elektroaden in stroom liedt. It wurd elektroade komt fan it Aldgrykske ἤλεκτρον (ēlektron, barnstien) en ὁδός (hodos, paad, wei). Der wurdt ûnderskaat makke fan de twa elektroaden nei de rôl dy't se spylje. It paad dêr't de elektroanen de oplossing ynlaat wurde, hjit de katoade (κατά ὁδός kata hodos, paad nei ûnderen). It paad dêr't se de oplossing ferlitte, hjit anoade (ἀνά ὁδός ana hodos, paad omheech). Oan in katoade fynt troch it taheakjen fan elektroanen oan in ion of molekule yn de oplossing reduksje plak. Oan de anoade bart just it omkearde. Dêr fynt in oksidaasje plak. In foarbyld fan sa'n proses is de elektrolyze fan wetter.

Foar in goed ferrin fan it proses moat it wetter makke wurde dat it ioanen liedt, sa't de stroomkring troch de elektrolyt sletten wurdt en it barren fan in grutte ohmse wjerstân tefoaren kaam wurdt. Dat kin troch it taheakjen fan in bytsje swevelsoer. De wetterstof-ioanen (H+) dy't dêrby ynbrocht wurde, tsjinje dan ek as oksidator:

- oan de katoade: 4 H+ + 4 e → 2 H2
- oan de anoade: 2 H2O → O2 + 4 H+ + 4 e

By trochfier fan fjouwer elektroanen splitse der twa wettermolekulen yn twa wetterstof-molekulen en ien soerstof-molekule.

Der kin ek in leage elektrolyt brûkt wurde, troch ynstee fan swevelsoer bygelyks natronleage ta te foegjen. De heale reaksjes wurde dan:

- oan de katoade: 4 H2O + 4 e → 2 H2 + 4 OH-
- oan de anoade: 4 OH- → O2 + 2 H2O + 4 e

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.