Springe nei ynhâld

Huntsville (Alabama)

Ut Wikipedy
Huntsville
Plak fan Huntsville yn Madison County, Alabama
Plak fan Huntsville yn Madison County, Alabama
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Alabama
County Madison County en Limestone County
Boargemaster Tommy Battle
Sifers
Ynwennertal 180.105↓ (2010)
Oerflak 451,8 km²
Befolkingsticht. 331,14 / km²
Hichte 193 m
Oar
Tiidsône UTC-6
Simmertiid UTC-5
Offisjele webside
Webstee Huntsville

Huntsville (City of Huntsville) is in stêd yn de Amerikaanske steat Alabama.

Yn Huntsville sit it Redstone Arsenal, in rakette-ûnwikkelingssintrum; de stêd is sadwaande ek bekend as Rocket City. OP 8 septimber 1960 waard troch presidint Dwight D. Eisenhower it Marshall Space Flight Center fan de NASA yn Huntsville iepene. Ein 50er jierren waard dêr ûnder lieding fan Wernher von Braun de Saturnusraketten en it Apollo-programma ûntwikkele.

Ekonomy en yndustry

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De yndustrysektor yn Huntsville bestiet út goed 220 firmas dy't oan sa'n 32.000 minsken wurk jouwe. In protte dêrfan binne yn de beriuwen sels oplaat en heechkwalifisearre om it heechtechnologyske presisywurk dwaan te kinnen.

It romtefeartprogramma fan de Feriene Steaten is sûnt mids 50er jierren nau ferbûn mei de stêd. Meiïnoar sitte der mear as 300 ynternasjonale en nasjonale ûndernimmings, dy't dwaande binne mei ûntwikkeling en produksje fan elektronika en IT-technology. It Cummings Research Park yn Huntsville is it twadsgrutste yn syn soarte yn de FS mei 225 ûndernimmingen en goed 23.000 wurknimmers.

De grutste wurkjouwers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Undernimming Wurkfjild Wurknimmers
U.S. Army Redstone Arsenal Militêr 12.599
Huntsville Hospital System Sûnenssoarch 4.320
The Boeing Company Fleantúchfabryk 3.092
NASA /
Marshall Space Flight Center
Romtefeart /
Undersyk
2.676
ADTRAN Telekommunikaasje 1800

Fan de befolking is 13,4% âlder as 65 jier en bestiet foar 32,3% uit ienpersoanshúshâldings. De wurkleazens berint 2,9% (sifers folkstelling 2000).

Likernôch 2% fan de befolking fan Huntsville bestiet út hispanics en latino's, 30,2% is van Afrikaansk komôf en 2,2% fan Aziatyske oarsprong.

Yn jannewaris is de trochsneed temperatuer 3,8 °C, yn july is dat 26,1 °C. Jierliks is de delslach trochstrings 1452,4 mm (gegevens op basis fan de mjitperioade 1961-1990).

Berne yn Huntsville

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: