Springe nei ynhâld

Meppel

Ut Wikipedy
Meppel
De toer fan Meppel
De toer fan Meppel
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Drinte
Boargemaster Richard Korteland (VVD)
Sifers
Ynwennertal 35.786 (1 jannewaris 2024)
Oerflak 57,03 km²
Befolkingsticht. 635 /km²
Oar
Ferkearsieren A28 A28
spoarline Ljouwert-Swol, spoarline Meppel-Grins
Postkoade 7940-7945, 7947-7949, 7965-7969
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 42' NB, 6° 11' EL
Lizzing fan de gemeente Meppel
Lizzing fan de gemeente Meppel
Offisjele webside
www.meppel.nl
Kaart
Meppel (Drinte)
Meppel
Kaart
De toer fan Meppel
Kaart fan de gemeente Meppel (2016)

Meppel (Nedersaksysk: Meppelt of Möppelt) is in stêd en gemeente yn de provinsje Drinte, mei 35.786 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS), wêrfan sa'n goed 31.000 yn de stêd sels wenje, en mei in oerflak fan 58,00 km² (dêrfan 0,63 km² wetter) is it de lytste gemeente yn Drinte.

Meppel wurdt al yn 1141 neamd yn in oarkonde, mar yn dy tiid wie it net mear as in klobke pleatsen. Yn 1422 waard Meppel as in selsstannich kerspel ôfskaat fan Kolderveen en doe mocht der in tsjerke boud wurde. Dy Grutte of Marijetsjerke stiet der noch hieltyd, al is der yn de rin fan de iuwen in soad oan feroare.It plak wie doe noch mar in doarp. Yn 1510 is der yn Meppel in kastiel boud, it kastiel waard De Kinkhorst neamd.

Yn de tiid fan de turfwinning groeide Meppel trochdat it oan in krúspunt fan wetters lei. It plak lei oan de Drintske Haadfeart en de Hoogeveense Vaart oan iene kant en it Meppelerdjip oan de oare kant. Oer it Meppelerdjip koe by Swartslûs de Sudersee berikt wurde. Dy lizzing wie sa goed dat der yn de 17e iuw en 18e iuw harren in protte binnenskippers yn it doarp nei wenjen setten. Yn 1644 krige Meppel stedsrjochten fan de drost fan Drinte en yn 1809 krige it fannijs stedsrjochten fan Loadewyk Napoleon. Op 5 novimber 1815 krige Meppel in eigen stedsreglemint fan kening Willem I.

Grêft Meppel troch Karel Klinkenberg

It wetter dat troch de stêd rint wurde grêften neamd, lykas de Heerengracht, Keizergracht en Prinsengracht. Dy grêften lizze bylâns de âlde rin fan de Hoogeveense Vaart en de Beilerstroom troch it sintrum fan de stêd. Yn de tweintichste iuw waarden guon fan dy grêften dimpt dy't dwers troch it sintrum rûnen. Ek waarden ferskate flapbrêgen ferfongen troch fêste brêgen. Dêrnei wie it hast ûnmooglik troch Meppel hinne Drinte yn te farren, ek mei it ynnimmen fan de Hoogeveense Vaart yn 2005 op de hichte fan Oosterboer. Yn 2008 waard in part fan de Gasgracht wer iepen groeven. Der binne plannen en meitsje mear grêften wer iepen.

Der wie foar de Twadde Wrâldkriich ek in frij grutte Joadske mienskip yn de stêd. Strjitnammen, lykas de Synagogestraat, dogge noch te tinken oan dy tiid. Yn de Twadde Wrâldkriich binne hast alle Joadske ynwenners fan Meppel troch de Dútske besetter nei konsintraasjekampen brocht en hawwe dêre it libben ferlern. Fan de 250 Meppelske Joaden kamen der allinne 18 werom.

De hjoeddeiske gemeente Meppel waard yn 1998 foarme troch in fúzje fan 'e eardere gemeente Meppel, de gemeente Nijeveen en dielen fan de gemeenten Havelte, Ruinerwold en De Wijk.

De ynwenners fan Meppel wurde ek wol Meppeler muggen (Meppeler miggen) neamd. Dat komt fan in folksferhaal dêr't de ynwenners tochten dat op in nacht de tsjerketoer yn brân stie, om't der in reekwolk om de toer hinge. It blykte dat it in swaarm fjoerflean of miggen wie.

Wettertoer fan Meppel

De gemeente Meppel telt offisjeel trije wiken, ûnderferparte yn ferskillende wenkearnen. De grutste wenkearnen binne de stêd Meppel en it doarp Nijeveen. De eardere gemeente Nijeveen (besteande út de doarpen Nijeveen, Kolderveen en de útbuorren Nijeveense Bovenboer en Kolderveense Bovenboer) is mei de gemeentlike weryndieling fan 1998 opgien yn de gemeente Meppel. Ek Nijentap, in part fan Havelterberg (earder gemeente Havelte), Broekhuizen (earder gemeente Ruinerwold), Rogat en De Schiphorst (beide eardere gemeente de Wijk) waarden yn 1998 by de gemeente Meppel taheake.

De stêd Meppel sels bestiet út:

  • Sintrum (part âld, part stedsfernijing yn de fyftiger jierren)
  • Watertorenbuurt (tritiger jierren)
  • Ezinge (fjirtiger jierren)
  • Haveltermade (fyftiger jierren; sûnt 1942 part fan Meppel, ynklusyf eardere buorskip Tweeloo fan Ruinerwold)
  • Koedijkslanden (sechtiger jierren; sûnt 1961 part fan Meppel, ynklusyf earder buorskippen Hesselingen en Werkhorst fan Staphorst)
  • Oosterboer (tachtiger jierren; earder buorskip, hjoed-de-dei opnaam yn de bebouwing)
  • Berggierslanden (begjin 21e iuw)

It plan Nieuwveense Landen (úteinset yn 2013) is it ûntjaan fan in wengebiet fan 736 bunder tusken Meppel en Nijeveen.

Broekhuizen, De Kolk, Havelterberg, Havixhorst, Kolderveen, Kolderveense Bovenboer, Lindenhorst, Nijentap, Nijeveen, Nijeveense Bovenboer, Rogat en Schiphorst.

Yn it ferline wiene de lânbou en skipsbou in wichtige boarne fan ynkommen fan Meppel. Ek hie de merk in wichtige regionale funksje dêr't in soad produkten mei it skip ynkamen en ferkocht of trochfierd waarden. De hjoeddeiske feefoerfabryk en silo-opslachplakken is in oerbliuwsel fan dy oanfierrûte fan lânbouprodukten. De merk wurdt op it Kerkplein (Tsjerkeplein) eltse tongersdeis moarns en sneons holden. Meppel hat in wichtige sintrumrôl spile yn de printerij, grafyske en útjefte-yndustryen. Der binne printerijen fêstige njonken in tal útjouwerijen lykas Boom. Yn Meppel wurdt ek in eigen nijsblêd útjûn. Meppel hat seis bedriuweterreinen: Ezinge, Oude Vaart, Oevers, Noord, Zomerdijk-West en Blankenstein. Yn Meppel stiene earder de haadkantoaren fan ACM, dêr't de CAF yn 1990 yn opgien waard, en Friesland Foods.

Meppel is oer it wetter te berikken foar skippen oant likernôch 3000 ton en it leit oan it haadfarwegenet. Meppel is oer it Meppelerdjip ferbûn mei Swartslûs en dêrnei mei de Iselmar. Ek hat Meppel tagong ta de Drintske Haadfeart.

Meppel leit oan de A32, fan Ljouwert nei it knooppunt Lankhorst, justjes besuden de stêd dêr't in oansluting op de A28 is, dêr't Meppel in ferbining mei Grins en Swol hat.

Meppel leit oan de spoarline Swol - Ljouwert en is it begjin fan de spoarline Meppel - Grins. Stasjon Meppel is in halte foar intercity-treinen tusken Ljouwert, oan ien kant, en De Haach, oer de Hânzeline, en Rotterdam, oer de Feluweline oan de oare kant. Dêrnjonken ride der twaris de oere stoptreinen rjochting Swol, Grins en Ljouwert.

It Meppelerdjip, de Drintske Haadfeart en de Hoogeveense Vaart ferbine Meppel mei it skip mei Swartslûs, Assen en Hoogeveen. Oan de súdgrins fan Meppel is dêr de Omgelegde Hoogeveense Vaart bykaam, om de beropsfeart om Meppel hinne te lieden. Natuerlik wetter dy't troch Meppel streamt, binne de Reest en de Wold Aa. De Reest mûnet út yn it Meppelerdjip.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Grutte of Marijetsjerke

Meppel is in lytse stêd, mar hat reedlik soad dingen dy't it besjen wurdich binne mei tank oan it rike hannelsferline. Hoewol't in soad gebouwen ôfbrutsen waarden is der noch hieltyd in soad te sjen:

  • Grutte of Marijetsjerke
  • Wettertoer
  • Mûne De Weert
  • Mûne De Vlijt
  • Histoaryske binnenstêd, mei in soad pakhûzen
  • Oud-Zuid (Stationsweg/Zuideinde): in âlde buert mei in soad monumintale hûzen. Dat stedsdiel hat de status fan beskerme stedsgesicht.
  • Stasjon, út 1867
  • It Printerijmuseum, dêr't deistich demonstraasjes jûn wurde fan âlde grafyske settechniken, lykas lead- en stienprintsjen, en it meitsjen fan papier.
Stedhûs fan Meppel

De gemeenteried fan Meppel bestiet út 23 sitten. Hjirûnder steane de gearstallings fan de gemeenteried sûnt 1998:

Gemeenteriedsitten
Partij 1998 2002 2006 2010 2014 2018 2022
Sterk Meppel (SteM) 8 7 7 6 5 6 7
VVD 3 4 3 5 4 5 4
CDA 4 4 3 3 3 4 3
KristenUny 1 2 2 1 2 2 2
SP - - - - 2 2 2
PvdA 5 6 7 5 4 2 2
D66 - - - 2 2 1 2
GrienLinks - - 1 1 1 1 1
Totaal 21 23 23 23 23 23 23

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Meppel
Stêd:
Meppel
Doarpen:
KolderveenNijeveenRogat
Buorskippen:
BroekhuizenDe KolkHavelterbergHavixhorstKolderveense BovenboerLindenhorstNijentapNijeveense BovenboerSchiphorst
· · Berjocht bewurkje
Drinte
Flagge fan de provinsje Drinte
Flagge fan de provinsje Drinte
Aa en Hunze - Assen (haadstêd) - Borger-Odoorn - Coevorden - De Wolden - Emmen - Hoogeveen - Meppel - Midden-Drinte - Noardenfjild - Tynaarlo - Westerfjild
· · Berjocht bewurkje