Sabine Uitslag
Albertje Sabine (Sabine) Uitslag (Westerhaar, 4 maart 1973) is in Nederlânse ferpeechster, politika en besjoerster. Fan 8 april oant augustus 2008 ferfong sy Mirjam Sterk, dy't swangerskipsferlof hie, as lid fan de Twadde Keamer út namme fan it CDA. It wie de earste kear dat in keamerlid har ferfange liet út reden fan swierwêzen.[1] Sûnt septimber 2008 kaam sy foar fêst yn de CDA-fraksje troch it fuortgean fan Karien van Gennip.[2] By de Twadde Keamerferkiezingen fan 9 juny 2010 stie Uitslag op it 31e plak[3], mar waard dochs wer keamerlid troch de 15.933 foarkarstimmen dy't se krige.[4]
Sabine Uitslag siet oant de ferkiezings yn septimber 2012 yn de Keamer.
Libben foar it keamerlidmaatskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Uitslag waard grut yn Vriezenveen en makke it Kristlik Lyseum yn Almelo ôf. Dêrnei studearre sy ferpleechkunde oan de Saxion Hegeskoalle yn Ynskedee. Tsjintwurdich wennet sy yn Welsum. Tusken jannewaris 2007 oant sy yn de Keamer kaam wie sy oan it wurk by it Wittenskiplik Ynstitút foar it CDA. Dêr wie Uitslag ûnder mear dwaande mei advisearring fan de fraksje op it mêd fan sûnenssoarch. By de Twadde Keamerferkiezingen 2006 stie sy op in fyftichste plak op de kandidatelist en krige sy 6.535 stimmen.
Nei de polityk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Uitslag is hjoed de dei bestjoerder fan in tal soarchynstellingen en njonken dat foarsitter fan de Nederlandse Vereniging van Huidtherapeuten. Yn jannewaris 2016 ferskynde se samar yn de reklamefolder fan Kruidvat; as kompensaasje easke se in jier lang ruften om 'e nocht foar it babyhûs fan Barbara Muller yn Doardt[5].
Persoanlik libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Uitslag boaske op 13 septimber 2014 boaske oan Menno Braakman; sy hawwe twa dochters, berne yn jannewaris 2012 en septimber 2013.
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Desimber 2006 waard se keazen ta bêste webpolitikus fan it jier 2006.[6]
- Uitslag is sjongster by de coverband Spinrock. Har eks-partner Markjan Vermeer is gitarist.
- Uitslag nimt mei RTV East-presintatrise Monique Sleiderink in single yn it Twintsk op[7], mei de titel Loat mie lös en skreaun troch Sleiderink en Wilfried Poorthuis[8].
- Op 23 maaie 2010 waard Uitslag mei 30% fan de stimmen troch de lêzers fan Veronica Magazine keazen as de meast seksy politikus. [9].
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|