Sevanavank
Sevanavank Սևանավանք | ||
Lokaasje | ||
lân | Armeenje | |
provinsje | Gegharkûnik | |
plak | net fier fan de stêd Sevan | |
koördinaten | 40°33'N 45°0'E | |
Ynformaasje bou | ||
boujier | 9e iuw | |
Kaart | ||
Sevanavank (Armeensk: Սևանավանք; Sevan Kleaster) is in kleasterkompleks op in skiereilân oan 'e noardwestlike kust fan 'e Mar fan Sevan yn 'e provinsje Gegharkûnik fan Armeenje, net fier fan 'e stêd Sevan. Oarspronklik stie it kleaster oan 'e súdlike kust op in lyts eilân mar troch it keunstmjittich ôfwetterjen fan 'e mar yn 'e tiid fan 'e Stalin sakke it wetternivo sa'n 20 meter en waard it eilân in skiereilân. Oan 'e súdlike kust fan it nije skiereilân waard in hotel fan it Armeenske Skriuwersbûn boud, de eastlike kant wurdt beset troch de simmerresidinsje fan 'e presidint, wylst it noch altiten aktive seminaarje ferhûze nei nije gebouwen oan 'e noardlike kant fan it skiereilân.
It kleaster is net mear bewenne en fan 'e muorren stiet noch mar in diel oerein. De tsjerken wurde lykwols noch in soad troch pylgers en toeristen besocht.
Fanwegen de ferbining mei it fêstelân, in goede rykswei, in spoarferbining mei de Armeenske haadsstêd Jerevan, in goede toeristyske ynfrastruktuer yn 'e tichteby lizzende stêd Sevan en de moaie lokaasje is Sevanavank ien fan 'e meast besochte toeristyske lokaasjes fan it lân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens in ynskripsje yn ien fan 'e tsjerken waard it kleaster yn 874 stifte troch prinses Marjam, de dochter fan Asjot I (dy't tsien jier letter kening waard). Yn dy tiid besocht Armeenje himsels noch hieltiten te befrijdzjen fan it jûk fan 'e Arabieren.
It wie in strikt kleaster en ornearre foar muontsen fan Edzjmiatsin dy't sûndige hiene. Jean-Marie Chopin, in Frânske ûntdekkingsreizger fan 'e Kaukasus, besocht it kleaster yn 1830 en skreau oer in rezjym sûnder fleis, wyn, jongerein en froulju. In oare ûntdekkingsreizger besocht Sevanavank yn 1850 en beskreau hoe't manuskripten noch altiten mei de hân waarden oerskreaun.
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De twa tsjerken fan it kleasterkompleks, wijd oan de Soerb Arakelots (Hillige Apostels) en de Soerb Astvatsatsin (Hillige Mem fan God), binne krúsfoarmige gebouwen mei in sintrale achthoekige toer. De tsjerken hawwe in soad fan inoar. Oan 'e tsjerke grinzgjend leit de ruïne fan 'e gavit, in Armeenske narteks. It dak dêrfan waard droegen troch seis houten pylders. Resten fan 'e gavit en de pylders binne hjoeddedei yn it Histoarysk Museum fan Jerevan te sjen.
It kompleks waard yn 'e jierren 1956-1957 restaurearre.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Soerb Arakelots.
-
Chatsjkar's (krússtiennen).
-
Soerb Astvatsatsin.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Sevanavank
|