Springe nei ynhâld

Stalferwikseling

Ut Wikipedy
In skilderij fan Herbert James Draper, dêr't in kelpy op ôfbylde is, in mytysk wetterwêzen út 'e Keltyske tradysje, hjir yn minsklike foarm.

Stalferwikseling, stalferoaring, foarmferoaring of mei in Ingelsk wurd shapeshifting is yn 'e mytology, folkloare en in diel fan 'e literatuer it fermogen fan in wêzen om himsels lichaamlik te transformearjen fan 'e iene nei de oare lichaamlike foarm. Soks wurdt yn 'e regel berikt troch in ynherinte eigenskip dêrta, troch godlike tuskenkomst, troch in betsjoening of troch it gebrûk fan in magyske talisman. Yn 'e natuer komt ek in proses fan stalferwikseling foar, by lidpoatigen en amfibyen, dat metamorfoaze hjit; dat stiet lykwols folslein los fan it idee fan stalferwikseling, dat teminsten al sûnt de iere Aldheid bestiet. It hat boppedat wol kâns dat it bestean fan it konsept stalferwikseling universeel is en dus yn alle minsklike kultueren foarkomt. Der wurdt nei ferwiisd yn 'e âldste foarmen fan toatemisme en sjamanisme, en teffens yn 'e âldst oerlevere literatuer en epyske gedichten, wêrûnder sokke iere en ferneamde wurken as it Sûmearyske Epos fan Gilgamesj en de Aldgrykske Ilias.

Yn 'e âldste boarnen wurdt stalferwikseling almeast as it yngripen fan in godheid beskreaun en as straf foar dejinge dy't it ûndergiet. Sa feroare de Grykske goadinne Artemis de jager Akteön yn in hartebok om't er har begnúfde wylst se yn it wâld oan it baaien wie; dêrtroch waard er letter sels bejage en opfretten troch syn eigen jachthûnen. Ek komt it foar dat in god himsels fan stal feroaret. Sa makke de Grykske oppergod Seus himsels ta in bolle om 'e prinsesse Europa te ûntfieren, en feroare er himsels yn in striel gouden ljocht om 'e leafde te bedriuwen mei de hermetysk opslettene Argioatyske prinsesse Danaé.

Yn 'e Germaanske mytology feroare de god Loki himsels yn in salm om oan 'e oare goaden te ûntkommen doe't er dy tsjin him yn it harnas jage hie. Teffens hied er yn 'e foarm fan in merje omgong mei de hynst Svaðilfari, wêrnei't er Sleipnir te wrâld brocht, it achtskonkige ryddier fan 'e god Odin. It idee fan stalferwikseling duorre ek yn 'e Midsiuwen fuort, doe't it leauwen yn it bestean fan wearwolven derút fuortkaam, wêzens dy't it grutste part fan 'e tiid minske binne, mar by folle moanne yn in wolf feroarje soene. Letter krong stalferwikseling fia sokke âldere folkloare de mearkes binnen, mei as ien fan 'e bekendste ferhalen dat fan 'e betsjoende prins dy't de foarm fan kikkert oplein wie en inkeld weromferoare wurde koe troch de tút fan in prinsesse.

Hjoed de dei is stalferwikseling noch altyd ien fan 'e meast foarkommende tema's yn berneboeken en de literêre sjenres fan 'e fantasy, horror en science fiction (by bûtenierdske wêzens). Ien fan 'e bekendste gefallen fan stalferoaring komt foar yn The Marvelous Land of Oz, in fantasy-berneboek fan 'e skriuwer L. Frank Baum, wêryn't oan 'e ein bliken docht dat prinsesse Ozma, dy't troch de haadpersoanen wiid en siid socht wurdt, by de berte feroare is yn in jonkje, en dat Tip, ien fan 'e haadpersoanen dy't oan kop en earen yn 'e siiktocht behelle west hat, dyselde jonge is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further reading, op dizze side.