Springe nei ynhâld

Voivod

Ut Wikipedy
Voivod
band
Voivod yn 1986
Voivod yn 1986
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Kanadeesk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Metal
bestean 1982–no
label(s) Metal Blade,
Noise,
Mechanic,
Mausoleum,
Hypnotic,
Chophouse,
The End,
Nuclear Blast
âld-leden Piggy (gitaar) (1982–2005) †
Blacky (bas) (1982–1991) (2008–2014)
E-Force (bas & sang) (1994–2001)
Jasonic (bas) (2002–2008)
leden
Sang Snake
Gitaar Chewy
Bas Rocky
Drums Away

Voivod is in Kanadeeske metalband, oprjochte yn 1982. De muzykstyl fan Voivod is in mjuks fan speedmetal, progressive-metal en thrashmetal. It debútalbum fan Voivod "War and Pain" kaam yn 1984 út. Sûnt 1984 hat Voivod fjirtjin studio-albums útbrocht, lykas in live-album en twa kompilaasje-albums

De earste jierren (1982–1990)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Voivod waard oprjochte yn 1982 yn Jonquière, Quebec, Kanada. Krekt sa beynfloede troch de nije weach fan Britske heavy metal, de ûntlûkende hardcore punkscene en progressive rock út de jierren 70, smeide Voivod in ûnderskiedend lûd fan swiere muzyk dy 't faak ôfhinklik wie fan tekstuele tema's lykas de Kâlde Oarloch-polityk út it Reagan-tiidrek, post-apocalyptyske literatuer en wittenskip fiksje. Mei “Killing Technology” útbrocht yn 1987, begûn de evolúsje fan de band serieus, mei it personaazje fan Voivod's albumhoezen (tekene troch drummer Away en "Korgull" neamd op "Rrrööaaarrr" út 1986) ynearsten ôfbylde yn in romteskip. Voivod leunde op dit punt mear op de hardcore punk as op metal, maar begûn him rjochting de metal te ûntwikeljen fanôf it folgjende album “Dimension Hatross”. Mei it album “Nothingface” út 1989 hie Voivod it earste wrâldwide sukses.

1991 oant en mei 2000

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bassist Blacky en sjonger Snake, twa fan de fjouwer oprjochters ferlieten Voivod begjin jierren njoggentich. Foar harren kaam ien nij bandlid yn it plak bassist en sjonger E-Force Mei him naam de band oant midden oant ein jierren njoggentich fjouwer albums op as trio. E-Force rekke yn 1998 slim ferwûne by in auto-ûngelok yn Dútslân, dêr 't er net fan werstelde. Nei 't E-Force de band ferlitten hie, besocht syn fersekeringsmaatskippij de band oan te kleien foar de ferwûningen dy 't er oprûn hie by it ûngelok, omdat er op dat stuit ûnder de hoede fan de band stie.

2001 oant en mei 2006

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Voivod tocht yn 2001 efkes oan ophâlden, mar op dat stuit kearde sjonger Snake werom by de band. De folgjende ynkarnaasje fan Voivod bestie út trije fan de fjouwer oprjochters: sjonger snake Piggy op gitaar en Away, drums tegearre mei bassist Jasonic oftewol Jason Newsted earder fan Metallica en Flotsam & Jetsam.

Yn 2005 ferstoar Gitarist Piggy op 45-jierrige leeftiid op 26 augustus ta gefolch fan komplikaasjes troch termkanker. Koart dêrnei brochten se yn july 2006 it album “Katorz” út. It album is basearre op riffs dy 't noch te finen wiene op de laptop fan gitarist Piggy. Flak foar syn dea liet er ynstruksjes efter foar syn bandleden oer it gebrûk derfan.

2007 oant en mei 2009

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Voivod wie fan doel om yn 2007 te wurkjen oan in nij album, wêrfan 't se sels seine dat it harren lêste studio-album wurde soe, mei nûmers dy 't foar de dea fan gitarist Piggy opnaam wiene. Yn 2008 ferliet Jasonic de band en kearde Blacky wer werom op de bas. Begjin jannewaris 2009 makke Voivod bekend dat se de lêste hân leinen oan harren nije album en dat it nei ferwachting yn de maitiid fan dat jier útkomme soe. It album, no bekend as “Infini”, waard útbrocht op 23 juny 2009.

Voivod, 2013

Yn 2010 begûn Voivod te wurkjen oan in nij studio-album, dit album “Target Earth”, dy 't útkaam yn 2013, wie it earste album mei de nije gitarist Chewy dy 't de ferstoarne Piggy ferfong. Yn july 2014 waard bekend dat bassist Blacky ûntslein wie fanwege artistike en saaklike ûnienichheden, dit wie de twadde kear dat Blacky de band ferliet. Syn ferfanging waard fûn yn bassist Rocky. Yn 2018 brocht Voivod it album “Awake” út.

Understelde ferlerne opnamen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Voivod wie ien fan de hûnderten artysten waans materiaal ferneatige waard by in brân yn 2008 by Universal Studios yn Hollywood. Blacky ûntduts lykwols ein 2019 dat de bannen net ferlern wiene en harren yn in lokaasje fan Universal yn Pennsylvania befûn hawwe. Nei hieltyd fragen steld te hawwen oan it personiel fan Universal, is it materiaal no yn it besit fan Blacky.

Album Utbrocht op Label Single(s)
War and Pain 10 augustus 1984 Metal Blade
Rrröööaaarrr 14 maart 1986 Noise
Killing Technology 2 april 1987
Dimension Hatröss 29 juny 1988
Nothingface 13 oktober 1989 Mechanic Astronomy Domine (Pink Floyd cover),
Into My Hypercube
Angel Rat 12 novimber 1991
The Outer Limits 3 augustus 1993 Fix my heart,
The Nile Song (Pink Floyd cover)
Negatron 21 septimber 1995 Mausoleum Nanoman
Phobos 12 augustus 1997 Hypnotic
Voivod 4 maart 2003 Chophouse Gasmask Revival,
We Carry On
Katorz 25 july 2006 The End
Infini 12 juny 2009 Nuclear Blast
Target Earth 22 jannewaris 2013 Mechanical Mind,
Kluskap O'Kom
The Wake 21 septimber 2018 Obsolete Beings,
Always Moving,
Iconspiracy
Synchro Anarchy 2022 Century Media Records
Morgöth Tales 2023
Album Utbrocht op Label
Voivod Lives 22 augustus 2000 Century Media
Warriors of Ice 14 juny 2011 Indica
Live at Roadburn 2011 12 april 2012 Roadburn
Lost Machine - Live 27 novimber 2020 Century Media

Kompilaasje-albums

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Album Utbrocht op
The Best of Voivod 1992
Kronik 1998
Build Your Weapons:
The Very Best of Noise Years 1986-1988
31 maart 2017

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: