Elias Canetti
Elias Canetti (Roese (Bulgarije), 25 july 1905 - Surich, 14 augustus 1994) wie in Dútsktalige skriuwer en winner fan de Nobelpriis foar de Literatuer yn 1981. Canetti wie de broer fan de Frânske plate-útjouwer en teaterdirekteur Jacques Canetti.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Elias Canetti wie de âldste soan fan in ferneamde keapmansfamylje fan Sefardysk-Joadsk komôf en brocht syn bernejierren troch yn Bulgarije en Ingelân. Nei de iere dea fan syn heit (1912) wenne er mei syn mem en jongere bruorren yn ûnderskate Dútsktalige lannen: yn Eastenryk, Switserlân en Dútslân. Fan 1924 ôf wenne er yn Wenen, oant de ynfal fan Dútslân him twong yn 1939 mei syn frou Veza nei Ingelân te emigrearjen, dêr't er ek nei de Twadde Wrâldkriich bleau.
Yn de jierren santich wenne er faak, yn de jierren tachtich hast inkeld en allinne yn Switserlân. Yn 1967 waard him de Grutte Eastenrykske Steatspriis takend. Yn 1972 krige er de Georg-Büchner-Preis. Yn 1981 krige er de Nobelpriis foar de Literatuer. Canetti stoar 1994 yn Surich en waard dêr begroeven flakby it lêste rêstplak fan James Joyce.
Canetti skreau de roman Die Blendung (yn de Fryke oersetting It Martyrium), trije toanielstikken, de wiidweidige psychologyske en antropologyske stúdzje Masse und Macht, it reisferslach Die Stimmen von Marrakesch, ûnderskate bondels essays, oantekenings en aforismen (ûnder oare Die Provinz des Menschen en in meardielige autobiografy (ûnder mear Die gerettete Zunge). Hast hiel syn oeuvre waard yn it Nederlânsk oerset. Yn 2007 sette Anne Tjerk Popkema Canetti's boek Der Ohrenzeuge. Fünfzig Charaktere. fan 1974 oer yn it Frysk mei de titel "De harksizzer. Fyftjin karaktersketsen".
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Die Blendung
-
Die gerettete Zunge
- Komödie der Eitelkeit (1934)
- Die Blendung (1935)
- Die Befristeten (1956)
- Masse und Macht (1960)
- Aufzeichnungen 1942 - 1948 (1965) (sketsen)
- Die Stimmen von Marrakesch (1968)
- Der andere Prozess (1969)
- Hitler nach Speer (essay)
- Die Provinz des Menschen Aufzeichnungen 1942 - 1972
- Der Ohrenzeuge. Fünfzig Charaktere (1974)
- Das Gewissen der Worte (1975) (essays)
- Die Gerettete Zunge (1977)
- Die Fackel im Ohr Lebensgeschichte 1921 – 1931 (1980)
- Das Augenspiel Lebensgeschichte 1931 – 1937 (1985)
- Das Geheimherz der Uhr. Aufzeichnungen (1987)
- Die Fliegenpein (1992)
- Nachträge aus Hampstead (1994)
- The Voices of Marrakesh
- Party im Blitz (2003)
- Aufzeichnungen für Marie-Louise (1942, postúm útjûn yn 2005)
Oer Elias Canetti
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Elias Canetti. Themanummer BZZLLETIN 181/182, des. '90/jan. '91, mei bydragen fan û.o. Salman Rushdie en Johan Polak
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Elias Canetti fan Wikimedia Commons. |
- Bulgaarsk romanskriuwer
- Bulgaarsk toanielskriuwer
- Bulgaarsk essayist
- Bulgaarsk publisist
- Bulgaarsk autobiograaf
- Ingelsk romanskriuwer
- Ingelsk toanielskriuwer
- Ingelsk essayist
- Ingelsk publisist
- Ingelsk autobiograaf
- Eastenryksk romanskriuwer
- Eastenryksk toanielskriuwer
- Eastenryksk essayist
- Eastenryksk publisist
- Eastenryksk autobiograaf
- Winner fan de Nobelpriis foar de Literatuer
- Bulgaarsk persoan fan Joadsk komôf
- Bulgaarsk persoan fan Spaansk-Joadsk komôf
- Ingelsk persoan fan Joadsk komôf
- Ingelsk persoan fan Bulgaarsk-Joadsk komôf
- Ingelsk persoan fan Spaansk-Joadsk komôf
- Eastenryksk persoan fan Joadsk komôf
- Eastenryksk persoan fan Ingelsk-Joadsk komôf
- Eastenryksk persoan fan Bulgaarsk-Joadsk komôf
- Eastenryksk persoan fan Spaansk-Joadsk komôf
- Persoan berne yn 1905
- Persoan stoarn yn 1994